Wat is de RAV Fryslân?
De RAV Fryslân (regionale ambulânsefoarsjenning) bestiet sűnt 2004, en is in stifting dęr’t de selsstannige Fryske ambulânsetsjinsten yn gearwurkje. De stifting hat in bestjoer dęr’t fertsjintwurdigers fan de oansletten tsjinsten sitting yn hawwe.
De selsstannige ambulânsetsjinsten regelje al harren operasjonele saken sels, mar sadree’t der sprake is fan mienskiplike űnderwerpen wurdt it inisjatyf en de útfiering troch it bestjoer by it stęfburo RAV Fryslân dellein.
 Doelstelling
De RAV Fryslân hat strategyske beliedsfoarnimmens ferwurde yn in kadernotysje, it regionale ambulânseplan Fryslân 2004-2007 (RAP). Dat plan giet oer űnderwerpen lykas kwaliteitssoarch en opliedingen, sprieding en beskikberens, ynterne bestjoering en organisaasje, eksterne kommunikaasje en gearwurking, finânsjes, en is de operasjonele útwurking fan it spriedingsplan fan de Provinsje Fryslân.
Foar de koördinaasje en útfiering fan boppeneamde saken is it stęfburo RAV Fryslân ynrjochte.
It stęfburo is gearstald útns
- Haad stęfburo
- Medysk manager ambulânsesoarch (MMA)
- Beliedsmeiwurker ICT
- Regionaal opliedings koördinator, en 4 dosinten inysjele (by)skoalling
- Beliedsmeiwurkers algemien, PR en kommunikaasje  Berikberens
It stęfburo is fia de e-mail of by brief altyd beskikber. Omdat in part fan de meiwurkers yn dieltiid wurkje, kin it inkele dagen duorje ear’t der reagearre wurdt. Op woansdei en tongersdei binne, útsein feestdagen en koarte fekânsjeperioades, frijwol alle meiwurkers oanwęzich.
Telefoan 058 – 280 02 64
Fax 058 – 280 17 42
e-mail info@rav-fryslan.nl
webside www.rav-fryslan.nl
post- en besiteadres
Wiardaplantage 5
8939 AA Ljouwert
Rűtebeskriuwing
De RAV Fryslân hat kantoar binnen it bedriuw Econstruct. As jo by ús komme, wolle jo jo dan melde by de resepsjoniste, sy sil jo trochferwize.

|